Fuotganger swier ferwûne nei oanriding yn Ljouwert

28 jun 2016 - 14:05

In 55-jierrige ynwenner fan Frjentsjer is moandeitemiddei swier ferwûne rekke by in ûngelok yn Ljouwert. Op de Julianaleane waard de fuotgonger oanriden troch in auto. It slachtoffer is mei in ambulânse oerbrocht nei it UMCG yn Grins. De 24-jierrige bestjoerder fan de auto ried mooglik te hurd. Hy moast syn rydbewiis ynleverje en krige proses-ferbaal. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)