Caparis hat tydlike ferfanger foar direkteur Ben Gerrits

28 jun 2016 - 13:06
  • It filiaal fan Caparis yn Ljouwert

De ried fan kommissarissen (rfk) fan Caparis hat in kandidaat foar it tydlik oernimmen fan de taken fan direkteur Ben Gerrits. Gerrits sit sûnt ferline wike siik thús. Wa't de kandidaat is is net bekend.

Neffens lid fan de rfk Siem Jansen is de ried fan kommissarissen formeel ferantwurdlik foar it sykjen fan in oplossing en it ynfoljen fan de funksje fan de (ynterim)direkteur. De nije kandidaat is noch net oan it wurk omdat it neffens Jansen noch yntern by Caparis ôfstimd wurde moat.

Advys

De ûndernimmingsried (ûr) fan Caparis seit yn in reaksje dat de rfk in advys freegje moat oan de ûr oer de oanstelling fan de nije direkteur en dat se dat moandei ek oan de rfk melden hawwe. Dêr ha se noch gjin reaksje op krigen. As der gjin advysoanfraach komt, sil de ûndernimmingsried juridyske stappen nimme.

De ried fan kommissarissen fan de sosjale wurkfoarsjenning is noch hieltyd net kompleet. De kandidaat foar de ûndernimmingsried, Pieter de Kroon út Wynjewâld, is noch altyd beskikber. Op de fraach oft de rfk dêr noch oer yn petear wol woe Siem Jansen gjin meidielingen dwaan. Ek dat fynt hy in ynterne saak.

Swier waar

Caparis sit op bestjoerlik mêd al skoften yn swier waar. Direkteur Ben Gerrits fan Caparis wie ferwikkele yn ferskate rjochtsaken tsjin twa skoarste direkteuren. Ien dêrfan, Tjerk Sinnema, is yntusken wer oan it wurk. Hy wûn syn saak en it heger berop tsjin de sosjale wurkfoarsjenning. Yn de saak tsjin de oare direkteur, Klaas Weissenbach folget ynkoarten útspraak fan de rjochter.

De ûndernimmingsried hat yn maaie it fertrouwen opsein yn de ried fan kommissarissen. It managementteam fan Caparis hat yn in brief ek grutte soargen útsprutsen oer de wize fan bestjoeren fan de ried fan kommissarissen en de direkteur Ben Gerrits.

Byienkomst

Woansdeitejûn is der in byienkomst foar alle riedsfraksjes fan de acht Caparisgemeenten. Se sille dêr bypraat wurde troch de wethâlders en dêrfoar noch troch de ûndernimmingsried fan Caparis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)