SC Hearrenfean kontraktearret talint út Yslân

28 jun 2016 - 12:32
  • Birkir Heimisson

SC Hearrenfean wol meilifte op it sukses fan Yslân. Ien dei nei de stunt fan de Skandinaviërs tsjin Ingelân op it EK, hat SC Hearrenfean de 16-jierrige Yslanner Birkir Heimisson kontraktearre. De jeugdynternasjonal komt oer fan Thór út Akureyri dat útkomt yn de twadde difyzje fan Yslân. Heimisson hat in kontrakt tekene by SC Hearrenfean foar trije seizoenen en slút oan by de B-junioaren.

Haad jeugdoplieding Jeffrey Talan is bliid mei de oerstap fan it talint nei Hearrenfean, ''Birkir heeft een groot loopvermogen en is in staat om het team beter te laten voetballen. Daarnaast is het een slimme speler en iemand die zorgt voor balans in de ploeg. Een welkome versterking!'', sa seit Talan op de eigen webside fan de klup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)