Vincent Tillema fan NHL Ljouwert is dosint fan it jier

28 jun 2016 - 11:55
  • Dosint fan it jier Vincent Tillema fan de NHL yn Ljouwert

Vincent Tillema is tiisdeitemoarn útroppen ta dosint fan it jier troch de Ljouwerter Studintekrante. Neffens de studinten is hy de bêste dosint om't hy altiten foar de studinten klearstiet, ek as fertrouwenspersoan. Tillema wurket op de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden en is dosint fan de oplieding Communication en Multimedia Design.

Ut njoggentich nominearren fan trije hegeskoallen krige hy de measte stimmen. De studinten en kollega's fan Tillema hawwe aktyf kampanje foar him fierd.

De Ljouwerter studintekrante organisearret alle jierren in wedstriid foar de ''leukste'' dosint. It is dit jier de tredde kear dat de wedstriid organisearre waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)