Rely Jorritsmafûns krijt hast 40 ferhalen en fersen binnen

28 jun 2016 - 11:42
  • Rely Jorritsma (1905-1952)

Tsien ferhalen en tweintich fersen binne dit jier ynstjoerd foar de skriuwwedstriid fan it Rely Jorritsmafûns. Dat meldt de gemeente Littenseradiel. De wedstriid is ûnderdiel fan de neilittenskip fan skriuwer Rely Jorritsma fan Jellum. By de Junior Rely skriuwwedstriid binne twa ferhalen en seis fersen binnenkaam.

Jorritsma hat yn syn testamint fêstlizze litten dat der in fûns oprjochte wurde moast om syn neilittenskip te behearen. De fruchten dêrfan moasten brûkt wurde as prizejild foar priisfragen mei koarte ferhalen en ferzen yn it Frysk.

De útslach fan de skriuwwedstriid wurdt begjin septimber bekend makke en de prizen wurde op 1 oktober útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)