Belangstelling foar flitsfoto's is bot tanaam

28 jun 2016 - 10:24

It tal besikers fan it digitale loket fan it Centraal Justitieel Incassobureau en it Parket Centrale Verwerking Openbaar Ministerie is yn it ôfrûne jier bot omheech gien. Nei de offisjele iepening yn juny ferline jier is it tal besikers tanaam fan 4000 nei 30.000 yn 'e wike.

By it digitaal loket kinne besikers bygelyks de flitsfoto besjen as se in boete krigen hawwe foar te hurd riden. Ek kinne fuortendaliks relevante dokuminten tsjekt wurde. It digitale loket jout ek de mooglikheid om boetes daliks digitaal te beteljen.

Ek de kommende moannen hopet it digitaal loket noch mear nije saken te yntrodusearjen. Sa sil it mooglik wurde om it beteljen fan in boete yn te plannen mei iDEAL. Ek moat it platfoarm dizze simmer tagonklik wurde foar bûtenlânske oertrêders. België sil it earste bûtenlânske lân wêze dat gebrûk meitsje kin fan it digitaal loket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)