Ferkearskontrôle op N31 leveret 56 bekeuringen op

28 jun 2016 - 10:12
  • Ferkearskontrôle

Op de N31 tusken Ljouwert en Drachten hawwe 56 minsken de ôfrûne wike in proses-ferbaal krigen nei't se in ferkearsoertreding makke hiene Fan dizze groep krige 44 in proses-ferbaal foar te hurd riden. Op de dyk jildt in maksimum snelheid fan 100 kilometer yn 'e oere.

Seis minsken krigen in bekeuring foar net handsfree beljen en it net om hawwen fan de feilichheidsriem. Noch seis oaren krigen in bekeuring foar oare saken.

De plysje docht ekstra kontrôles op de N31 om't út ûndersyk bliken die dat 50 oant 80 prosint fan de brûkers fan de dyk te hurd rydt. Guon ride sels hurder as 200 kilometer yn 'e oere. By de kontrôles wurdt ek ekstra foarljochting jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)