Joey van den Berg stapt oer nei Ingelske Championship

Joey van den Berg © awfoto.nl
Hearrenfeanspiler Joey van den Berg makket de oerstap nei de Ingelske Championship. Dat skriuwt de NOS. Van den Berg is troch Jaap Stam nei de Ingelske klup Reading FC helle. De 30-jierrige Van den Berg hie by Hearrenfean in ôfrinnend kontrakt, hjirtroch kin hy transferfrij de oerstap meitsje. De middenfjilder soe al troch de medyske keuring kaam wêze. Nei alle gedachten tekenet er woansdei in kontrakt foar twa jier.
Reading FC einige ferline seizoen op it 17e plak yn de Championship. Op it twadde nivo fan Ingelân dogge yn totaal 24 teams mei.
Njonken Van den Berg, steane ek de Nederlanners Said Bakkati en Andries Uldering as assistinten fan Jaap Stam ûnder kontrakt by Reading.