Kleiende omwenners teatertún Riis "mikpunt fan spot"

27 jun 2016 - 22:54
  • Justysje

Twa omwenners dy't sizze dat se lêst hawwe fan feesten dy't bûten de regels om yn de Teatertún yn Riis holden wurde, binne it mikpunt wurden fan spot. Dat die bliken by in rjochtsaak dy't de beiden tsjin de gemeente De Fryske Marren oanspand hawwe. Se wolle dat de rjochter de gemeente op de fingers tikket, en dat dy der better op tasjocht dat de regels neilibbe wurde.

De teatertún hat neffens it bestimmingsplan in maatskiplike funksje: in iepenloftteater dêr't lytsskalige konserten, útfieringen en eksposysjes holden wurde meie.

"Yllegale feesten"
De lokaasje hat neffens advokaat Leenstra fan de omwenners gjin hoarekafunksje, sadat brulloften en soksoarte feesten der net holden wurde meie. De buorlju kleie al tsien jier oer it lûd en de oerlêst dy't se hawwe fan wat se neame "yllegale feesten".

"Ofsjitte dat folk"
Harren striid sjit sympatisanten fan de teatertún yn it ferkearde kielsgat. En dêr hawwe se it dreech mei. Neffens har advokaat stiet it libben fan de beide buorlju "yn 'e brân". Op Facebook soe oproppen wêze ta geweld, mei teksten as 'Ofsjitte dat folk'. Okkerdeis ferskynde in liet oer de klagerij. "U kunt hier ook aangifte van doen", sei de rjochter op de sitting.

Bestimmingsplan feroarje
Neffens Leenstra wol de gemeente it bestimmingsplan wol feroarje, sadat der yn de takomst wol brulloftsfeesten holden wurde meie. De gemeente hie yn de rjochtseal in oar ferhaal. Se trede op as it nedich is, sei in wurdfierder.

Utspraak 
De rjochter docht mei twa wiken útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)