Froukje van Wengerden grutsk mei winnen filmpriis

27 jun 2016 - 22:34

De Fryske regisseuse Froukje van Wengerden hat tegearre mei produsinte Julia Schellekens de begjinnerskompetysje fan it Noardlik Filmfestival wûn. Sy krije in bedrach fan 10.000 euro om in koarte film te meitsjen. De film Dag, Mannen! sil dan yn novimber foar it earst te sjen wêze op it festival. Van Wengeren is grutsk mei de priis.

It Noardlik Filmfestival wol mei de kompetysje talintfolle filmmakkers in opstapke jaan yn it profesjonele filmsirkwy. De winner waard moandeitejûn bekend makke yn filmhûs Slieker yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)