Harnzers lilk oer keale Suderpier: "It is in grof skandaal"

"In grof skandaal. Hjir groeide seekoal. Dat sjochst hast nergens. Alles wat moai is, is fuort." Ynwenners fan Harns binne lilk, omdat de planten dy't koartlyn noch tusken it basalt oan de binnenkant fan de Suderpier by de haven stienen, der net mear binne. En der soene ek seldsume planten by west hawwe, sizze se.
It behear fan de dyk is oardel jier lyn oernaam troch it wetterskip. Neffens in wurdfierder is it fanwege de feiligens dat de planten fuorthelle binne. Ynspeksje fan de dyk soe net mooglik wêze as der tefolle planten op stean.
"Troch de planten kin der net goed ynspektearre wurde en de plantegroei kin de kearing swakker meitsje. De pier is net oanlein foar de plantsjes, mar foar de feilichheid", sa seit Jan Wolters, foar Wetterskip Fryslân de behearder fan de seediken. Neffens Wolters is der ek ûndersocht oft der seldsume planten by wiene.
De pier is kontrolearre en ynkoarten sil der ûnderhâld dien wurde, sa seit Wolters. De bûtenkant fan de pier moat ek oanpakt wurde, mar dat wurdt net tagelyk dien mei de binnenkant om de floara en fauna yn stân te hâlden.