Dijkstra Draisma en Damstra bouwe útwreiding Stenden

27 jun 2016 - 21:32
  • Ympresje fan de nijbou
  • Ympresje fan de nijbou
  • Ympresje fan de nijbou

De Fryske bedriuwen Dijkstra Draisma en Damstra ynstallaasjetechnyk sille de útwreiding fan hegeskoalle Stenden yn Ljouwert bouwe. De hegeskoalle hat temin romte. Dêrom wurdt der oan de achterkant in gebou fan 3300 kante meter byboud. Dat kriget trije ferdjippings mei dêryn ûnder oare in kolleezjeseal.

De nijbou moat ein 2017 klear wêze. De kosten binne sawat 10 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)