Raymond Vissers wurdt nije keeperstrainer SC Hearrenfean

Raymond Vissers is de nije keeperstrainer fan SC Hearrenfean. De 42-jierrige Vissers komt oer fan Willem II, dêr't er de lêste seis jier wurke hat. Dêrfoar wurke hy ûnder oaren foar RKC Waalwyk, Den Bosch en PSV. Vissers is by SC Hearrenfean de opfolger fan Harmen Kuperus. Hearrenfean en Kuperus wiene sûnt febrewaris yn ûnderhanneling oer in nij kontrakt, mar binne net ta in akkoart kaam.