'Ik ben geen Chinees, maar zit toch in een riksja'

'Ik zit wel in een riksja, maar ik ben geen Chinees', sei in dielnimmer fan de Fytsfjouwerdaagse moandeitejûn. Sa'n 60 jongeren en âlderen diene mei oan de earste jûn. Se fytse alle kearen sa'n 25 kilometer yn en om Ljouwert.
De fjouwerdaagse is ûnderdiel fan de fytswike 'Lekker veilig op de Fiets'. Dat hat as doel om de feilichheid te ferbetterjen. Troch fytseveneminten te organisearjen ferheegje je de feardichheid fan fytsers.
De organisaasje Fietsen Alle Jaren Leeuwarden die ek mei mei in riksja. Dêrmei wolle se minsken dy't minder mobyl wuren binne, dochs de kâns jaan fan alles te belibjen mei en op de fyts. Dat is basearre op in Deensk konsept. Sa koe in bewenner fan fersoargingshûs Abbingahiem meidwaan oan de fytsfjouwerdaagse.