"Ryk moat krimpgebiet likefolle jild jaan as achterstânswyk"

27 jun 2016 - 18:15

De ryksoerheid moat folle mear jild útlûke foar krimpregio's, likefolle as foar achterstânswiken yn stêden. Dat sizze de provinsjes Fryslân, Grinslân, Seelân, Limburg en Gelderlân. Harren notysje 'Nederland in balans' is makke foar minister Stef Blok fan Wenjen en foar alle politike partijen dy't meidogge oan de Keamerferkiezings fan takom jier.

Foar de oanpak fan krimp op it plattelân is neffens de provinsjes 360 miljoen euro nedich. Dat is in hiel soad mear as de 11 miljoen euro fan no.

Yn Fryslân is oant no ta allinnich Noardeast-Fryslân útroppen ta krimpgebiet. Gemeenten yn krimpgebieten hawwe neffens deputearre Johannes Kramer op dit stuit fierstente min jild om alle problemen oan te pakken.

Achterstânswiken
De fiif krimpprovinsjes fine dat it ryk de krimpdoarpen op it plattelân krekt sa behannelje moatte soe as foarhinne de achterstânswiken yn de grutte stêden. Dy krigen in pear hûndert miljoen foar in in 'yntegrale oanpak'. Dat jild waard brûkt foar saken lykas renovaasje en nijbou en leefberens, mar ek foar wurkgelegenheidsprojekten.

Nasjonaal probleem
Yn de krimpgebieten is jild nedich foar saken as sloop, renovaasje en nijbou, it oanlizzen fan breedbânynternet, mar ek foar opliedingen foar wurkleazen en wurkgelegenheidsprojekten. Njonken de finansjele middels fynt deputearre Kramer it ek wichtich dat krimp erkend wurdt as 'nasjonaal probleem'.

Minder sûn
Gebieten mei in soad krimp driigje yn in delgeande spiraal te bedarjen. De befolking fergrizet en ferearmet en der ûntstiet leechstân. Minsken yn in krimpgebiet binne faak minder tefreden oer de wenomjouwing en faak ek minder sûn. Yn Noardeast-Fryslân binne de problemen neffens deputearre Kramer minder slim as yn it easten fan Grinslân of Súd-Limburg. Kramer wol tagelyk foarkomme dat it safier komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)