Unferwachte finansjele meifaller foar Hearrenfean

Marten de Roon © awfoto.nl
SC Hearrenfean bart sa'n oardel miljoen euro troch de megatransfer fan Marten de Roon. De âld-spiler fan SC Hearrenfean ferhuzet per direkt fan Atalanta Bergamo nei Middlesbrough. De klup út de Premier League betellet sa'n 14 miljoen euro foar de 25-jierrige middenfjilder. Doe't De Roon de oerstap makke nei Atalanta Bergamo, hat Hearrenfean in trochferkeappersintaasje ôfpraat fan 10 persint.
De âld-middenfjilder fan SC Hearrenfean wie it ôfrûne seizoen in fêste wearde foar de klup út de Serie A, dy't op it 13e plak einige.