Hûnderten basketballers op Streetball Masters It Hearrenfean

27 jun 2016 - 14:28

Mear as trijehûndert basketballers út binnen- en bûtenlân hawwe ôfrûne sneon op It Hearrenfean meidien oan de Streetball Masters Tour 2016. De spilers mochten yn ferskate kategoryen harren bêste moves sjen litte. By Streetball Masters giet it om basketbalwedstriden wêrby't teams fan trije tsjininoar spylje.

De ynset wie de lanlike finales, takom moanne yn Amsterdam. Troch de rein moast it toernoai healwei de dei nei binnen ta ferpleatst wurde. Mar troch help fan in groep frijwilligers fan basketbalferiening Dyna '75 wie dat gjin probleem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)