Soargen oer oanfier griente troch minne waar

Oer de oanfier fan grienten foar supermerk en hoareka binne soargen. Troch it wiete waar en de swiere hagelbuien yn grutte parten fan Europa, is der in soad skea oan de gewaaksen. Sa binne der problemen mei oanfier fan grienten as spinaazje, slaad, brokkoly en blomkoal.
Om't der noch wol wat alternative oanfierkanalen binne, lizze de skappen noch net leech, mar konsekwinsje is wol dat de prizen rap oprinne.
By gruthannel Smeding Groenten en Fruit yn Sint-Anne is neffens direkteur ynkeap Paul Kingma dêrom wol sprake fan soarch, mar noch net fan panyk.