Krappe mearderheid yn Fryslân is foar referindum oer Nexit

27 jun 2016 - 12:54

In krappe mearderheid fan de Friezen wol in referindum oer it Nederlânske lidmaatskip fan de Europeeske Uny. Dat docht bliken út in peiling fan EenVandaag. Fan de Friezen sjocht 51 prosint in referindum oer it ûnderwerp wol sitten.

De Grinslanners binne in stik minder entûsjast oer de folksrieplachting: mar 42 prosint fan harren is foar in referindum. As der in referindum komme soe, dan is der lykwols gjin Fryske mearderheid foar in Nexit.

Fan de Friezen wol 48 prosint dat Nederlân lid bliuwt fan de EU, tsjinoer 42 prosint dy't út de Uny stappe wol. Ek hjir is in grut ferskil mei Grinslân te sjen. Dêr wol in dúdlike mearderheid fan 60 persint yn de Europeeske Uny bliuwe.

De enkête fan EenVandaag is wilens de Brexit dien en hat dus noch net de ekonomyske en politike neisleep fan de Ingelske kar meinimme kind.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)