Boalserter froulju winne WK aaismiten yn Ingelân

27 jun 2016 - 12:28

Grietje Yska en Anneke Tuinenga út Boalsert binne dit wykein wrâldkampioen aaismiten wurden. Yn it Ingelske Swaton wûnen beide froulju ferrassend it WK. Earder al waard it twatal earste by it NK en pleatste har dêrmei foar it WK.

Noch net earder diene de froulju mei oan in wedstriid aaismiten. It twatal blykt lykwols talint te hawwen, want yn in rûzige finale yn Ingelân pakten se de winst mei in ôfstân fan 30 meter. 

Grietje en Anneke binne troch de organisaasje fan it WK aaismiten alfêst útnûge foar takom jier om harren titel te ferdigenjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)