Van der Vossen ferlinget kontrakt by UNIS Flyers

27 jun 2016 - 11:56

Ferdigener Niels van der Vossen fan iishockeyklup UNIS Flyers fan It Hearrenfean hat syn kontrakt ferlinge. Van der Vossen hat ôfrûne seizoen in definityf plak yn de seleksje bemachtige "Een zeer goede jonge Nederlandse verdediger die zeer toegewijd is", sa seit haadcoach Mike Nason.

Van der Vossen spile yn it ôfrûne jier 39 wedstriden en joech dêryn 9 assists. Hy is sels ek tige wiis mei syn kontraktferlinging. "Ik ben blij terug te komen bij UNIS Flyers na het fantastische jaar dat we hebben gehad." Sa seit er op de klupwebside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)