"Fryslân moat profitearje fan Brexit"

27 jun 2016 - 11:45

Der lizze kânsen foar Fryslân, no't Grut-Brittannië út de EU stapt. Dat fynt D66-steatelid Marieke Vellinga. Neffens har moat de provinsje it izer smeie as it hjit is en besykje om de bedriuwen dy't út Ingelân wei wolle, hjirhinne te heljen.

"In de beleidsbrief economie heeft Gedeputeerde Staten duidelijke ambities uitgesproken voor het binnenhalen van bedrijven. Dit is het moment om dat ook daadwerkelijk voor elkaar te krijgen", sa seit Vellinga.

D66 ropt Deputearre Steaten op om te sjen hokker bedriuwen mooglik nei Fryslân ta komme kinne en hokker bedriuwen yn it Fryske bedriuwsprofyl passe. De partij wiist dan benammen op bedriuwen en ynstellingen dy't aktyf binne yn de wettertechnology en de agrofood business.

Dochs sjocht D66 net allinnich mar kânsen, mar ek bedrigingen. De partij wol fan Deputearre Steaten witte wat de Brexit betsjutte sil foar de Fryske eksport. Se wolle in dúdlike list hawwe mei de kânsen en bedrigingen fan de Brexit foar Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)