PvdA-leden lilk op partijtop: "Ik wil mijn partij terug"

De Partij van de Arbeid moat net allinnich prate oer solidariteit, mar ek sjen litte dat de PvdA opkomt foar de 'swakkeren' yn de maatskippij. Dat skriuwt in groep fan tritich bekende PvdA-leden yn in iepen brief oan partijfoarsitter Hans Spekman en polityk lieder Diederik Samsom.
De groep partijleden fynt dat it duo Samsom en Spekman net goed harket nei wat der libbet by de leden fan de partij. Oanlieding foar it brief is de kwestje fan it bernepardon, dêr't de ôfrûne wiken rebûlje oer wie.
In breed droegen aksje ûnder Fryske partijleden rûn yn de Twadde Keamerfraksje op neat út en dat soarget op 'e nij foar frustraasje.
"Ik wil mijn partij terug" 
It brief is in inisjatyf fan âld-steatelid Janny van der Molen fan De Knipe en is fierder ek ûndertekene troch ûnder oaren âld-deputearre Bertus Mulder, steatelid Hetty Janssen, bestjoerskundige Rieks Osinga en âld-wethâlder Wietze de Haan fan De Lemmer.
De earste wurden fan it brief binne: "Ik wil mijn partij terug." De leden fine dat de partijlieding fierstente folle op ôfstân sit fan wat der libbet yn de maatskippij en wolle dêr graach mei harren oer yn petear.
Kleau
Neffens inisjatyfnimster Janny van der Molen is der 'wat fûneminteel mis' by de Partij van de Arbeid. It âld-steatelid is fan betinken dat der in kleau gappet tusken de basis fan de partij yn Fryslân en de lanlike partijtop yn Amsterdam en Den Haach. "Dêr moat gau wat oan dien wurde, it is fiif minuten foar tolven foar de PvdA", sa seit Van der Molen.