Stipepunt Sensoor siket driuwend nije frijwilligers

27 jun 2016 - 11:00
  • Telefoan

Telefoanysk stipepunt Sensoor siket nije frijwilligers. Sensoor fersoarget in harkjend ear as minsken earne oars harren ferhaal net kwyt kinne of wolle. Bygelyks nei rampen lykas mei de MH17 krijt Sensoor in protte telefoantsjes binnen.

De organisaasje is driuwend op syk nei nije minsken, om't der in grut ferlet is oan de petearen. Ut in resint publisearre jierferslach fan Sensoor docht bliken dat der yn 2015 sa'n 257.000 petearen west hawwe. Benammen iensumens, psychyske swierrichheden en relaasjeproblemen waarden faak besprutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)