Tal grutte fraudesaken tanaam

26 apr 2012 - 16:21

It tal grutte fraudesaken yn Fryslân nimt de lêste jierren ta. It gie ferline jier om tsientallen miljoenen dy't oplichters fan bedriuwen en partikulieren ôfpakt hawwe. Slachtoffers sjogge yn de measte gefallen neat werom fan harren jild.

Troch de ekonomyske krisis komme hieltyd mear minsken yn problemen. Se besykje fan alles en traapje dan gauwer yn de praatsjes oer 'grou jild fertsjinje' fan in oplichter.

It grutste ûndersyk fan ferline jier wie de saak Gaatze Bosma fan De Westereen dy't neffens justysje sechtich minsken gouden bergen beloofde en sa 4 miljoen euro ôftroggele. Tsjin Bosma is fiif jier sel easke. De rjochtbank yn Ljouwert docht moarn útspraak. Neffens finansjeel resjersjeur Vos binne yn Fryslân folle mear oplichters aktyf. Yn febrewaris binne op 'e Lemmer fiif fertochten oppakt. Der is miljoenen fertsjinne mei it wytwaskjen fan jild, it ferfalskjen fan salarisstroken en it griemen mei hypoteken. Dat lêste bart wol faker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)