Ynbrekkers stelle itenswaar út sportkantine Lippenhuzen

27 jun 2016 - 07:21

Yn de fuotbalkantine oan de Buorsterwyk yn Lippenhuzen is ynbrutsen. De ynbraak waard sneintemoarn ûntdutsen. De ynbrekkers kamen yn de sportkantine troch in rút yn te smiten. Neffens de plysje is der ien ferwûne rekke by de ynbraak. Der waard drinken en itenswaar stellen.

De plysje siket tsjûgen fan de ynbraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)