Ynbrutsen yn parkearre kamper yn Grou
In 38-jierrige Ljouwerter hat snein oanjefte dien fan ynbraak yn syn kamper. Dy stie middeis om healwei trijen parkearre op de Finnen yn Grou op it parkearterrein fan de Kooikergroep.
Doe't de man tweintich minuten letter werom kaam, wie it slot forsearre en blieken in sporttas en in navigaasjesysteem út de kamper meinaam te wêzen. De plysje siket tsjûgen fan it foarfal.