Kampfjoermuzikant Wouter: "Ik hie dit net ferwachte"

26 jun 2016 - 21:46
  • Wouter van der Wal yn de studio fan Noardewyn

Foar muzikant Wouter van der Wal út Jorwert kaam de earste priis op it NK kampfjoermuzikant ûnferwachts. 'Ik hie it hielendal net ferwachte. Ik haw wol faker oan wedstriden meidien, mar nea wûn. Miskien haw ik dêrom no krekt wol wûn. Ik spile foar de gesellichheid, makke kontakt mei de minsken. It wedstriidelemint spile net mei.'

Op de lanlike finale by kampearterrein De Abbert yn Dronten seagen sa'n 150 minsken sneon hoe't de Fries de earste priis wûn. Oan de wedstriid diene tolve oare kandidaten mei.

Wouter van der Wal sit op 't heden yn Frankryk. Hy spilet dêr op it Eigentijds Festival. Dêr waard er foar frege doe't ien fan de organisaasje him spyljen hearde yn de foarrûnen foar de bêste kampfjoermuzikant. Van der Wal spilet mids july op it Ljouwerter festival Welcome to The Village.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)