Bauke Mollema kin rekkenje op sterk team yn Tour de France

26 jun 2016 - 19:18

Hurdfytser Bauke Mollema krijt klimmer Frank Schleck mei as 'knecht' nei de Tour de France. Team Trek-Segafredo makke dat snein bekend. De 36-jierrige Luksemboarger sil mei Mollema meifytse as masterknecht yn de bergen.

Schleck hat de Tour al acht kear riden. It tredde plak wie yn 2011 syn bêste resultaat. Mei Schleck giet Mollema op paad mei in sterk team. Ek de Belgyske Jasper Stuyven, de Amerikaan Peter Stetina, Gregory Rast út Switserlân en de Spanjaard Markel Irizar gean mee. Moandei wurde de lêste hurdfytsers fan it team bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)