"UNESCO Waadseekust lit soad kânsen lizze foar toerisme"

De Waadseekust moat folle better ûnder de oandacht brocht wurden by toeristen. Dat waard snein dúdlik op de earste Dei fan it Waad. Toeristen witte de Waadeilannen wol te finen, mar binne noch net bekend genôch mei de skjintme fan it kustgebiet dat ek UNESCO Wrâlderfguodgebiet is.
Taco van den Heiligenberg, betinker fan de dei, seit dat der noch te min dien mei de wrâlderfguodstatus. De Dei fan it Waad is snein fierder aardich suksesfol ferrûn. Op ferskate lokaasjes by de Waadkust del en op Flylân en Teksel wiene aktiviteiten organisearre.
Jierdei UNESCO Wrâlderfguod
Sa koene minsken meidwaan oan in waadrintocht, iterijen, lêzings, ekskursjes en fergees tagong ta musea. En dêr kaam, holpen troch it moaie waar, aardich wat folk op ôf. De dei waard organisearre troch in lytse tritich ûndernimmers, fertsjintwurdigers fan natoerorganisaasjes, fiskers en oerheidsynstânsjes feriene yn it ramt fan it sân-jierrich jubileum fan de Waadsee as UNESCO Wrâlderfguod. Hoefolle minsken spesjaal fanwege de earste dei fan it waad op de aktiviteiten ôfkamen is net bekend.