CNV: "Misstannen by dyn fakânsjebaantsje? Meld it dan!"

26 jun 2016 - 18:30
  • Bollepelle, in populêr fakânsjebaantsje foar jongerein

Fakbûn CNV Vakmensen en CNV Jongeren ropt Fryske jongerein op om har te melden as se by har fakânsjebaantsje net goed behannele wurde. 'It bart faak dat dingen net klopje. Dan wurkje der bygelyks jongerein fan ûnder de 16 mei drank, wylst dat net mei. Of se moatte ûnfeilige dingen dwaan yn fabriken. In soad wurde ek ûnderbetelle. Dat moatte se melde en dan kinne we der wat oan dwaan', seit foarsitter Piet Fortuin fan CNV Vakmensen.

It is foaral mis yn de útstjoerbranche, de hoareka, detailhannel en de lân- en túnbou, neffens Fortuin.

It CNV docht de lanlike oprop om't der goed twahûndert meldings dien binne troch jongeren of harren heiten en memmen oer de tastân by fakânsjewurk.

It fakânsjewurkseizoen begjint wer op gong te kommen en in soad jongerein binne ree om alles mar te dwaan, as der jild mei te fertsjinje kinne. "Dêrom is dit ek in sinjaal oan de wurkjouwers. Se moatte der sels goed om tinke. As in melding echt min is, jouwe wy it fuortendaliks troch oan de arbeidsynspeksje.' Jongerein of âlden mei klachten kinne maile nei it CNV of belje nei it haadkantoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)