Partoer fan Bauke Triemstra wint yn Berltsum fan Van der Bos

It partoer fan Bauke Triemstra hat snein yn Berltsum yn de haadklasse frije formaasje wûn fan it partoer fan Gert-Anne van der Bos. De manlju Bauke Triemstra, Dylan Drent en Patrick Scheepstra wienen mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Gert-Anne van der Bos, Daniël Iseger en Taeke Triemstra.
De lytse preemje wie foar it trio Hendrik Tolsma, Jacob Klaas Haitsma en Jan Schurer. Bauke Triemstra waard ek útroppen ta kening fan de keatspartij.
Snein wie der ek it keatsen fan de froulju frije formaasje yn Doanjum. It partoer fan Rianne Vellinga, Maaike Osinga en Aukje van Kuiken wûn yn de finale mei 5-4 en 6-6 fan it partoer fan Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Wiljo Sijbrandij. It lêste trio hie oant no ta alle frije formaasjepartijen (fjouwer) wûn. De lytse preemje wie foar Kim Dijkstra, Imke van der Leest en Sjanet Wijnja.