Auto oer de kop op Ofslútdyk rjochting Fryslân

Auto tsjin de fangrail © Stefan Postema
Op de Ofslútdyk rjochting Fryslân is sneintemiddei in auto tsjin de fangrail botst. In traumahelikopter is ûnderweis nei it ûngelok. Op it stuit stiet der in file op de dyk ter hichte fan it Monumint. It ANWB meldt dat it ferkear fia it parkearplak der del kin. Ien rydstrook bliuwt ticht oant 19.00 oere sneintejûn, om't de fangrail reparearre wurde moat.