Plysjehûn byt ynbraakfertochte yn earm

26 jun 2016 - 13:07

Mei help fan in plysjehûn koe sneontenacht in 19-jierrige man út de gemeente Hearrenfean oanholden wurde. Hy soe besocht ha yn te brekken yn in wenning oan de Ljouwerterstrjitwei yn Nijbrêge.

In tsjûge hie de man achter in hûs sjoen mei in bûslampe en warskôge de plysje. Dy koe de man net fine, mar in plysjehûn wist him te trasearjen yn in stik lân. De hûn hat de fertochte yn in earm biten. De man is op de earste help behannele oan syn ferwûningen en dêrnei fêstsetten op it plysjeburo foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)