Suksesfol briedseizoen foar fûgels op Flylân en Skylge

26 jun 2016 - 12:40

It giet goed mei de strânbrieders op Flylân. Sa'n 55 spantsjes fan de lytse stirns ha mei sukses oan it brieden west en der rinne yn elk gefal 66 jonge fûgels om op de Vliehors. En ek al hat der wetter stien yn de koloanje fan de noardske stirns en wytstirns; ek dêr ha jongen it oerlibbe.

Earder waard al fan Skylge melden dat dêr tolve spantsjes lytse stirnsen oan it brieden binne. It briedsúkses is wichtich foar dizze soarten, want sy binne tige seldsum. Omdat sy ticht by see briede, spielt njoggen fan de tsien kear alles fuort.

Dat bart de lêste jierren hieltyd faker omdat it simmerwaar rûger wurdt. De briedplakken binne ôfset mei buorden om foar te kommen dat minsken de fûgels fersteure.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)