Heit behinderet helpferliening oan 16-jierrige soan

26 jun 2016 - 12:10

De heit fan in 16-jierrige jonge út Wâlterswâld hat de helptsjinsten sneontejûn bot behindere. In ambulânse waard oproppen om't de jonge net goed wurden wie. Nei alle gedachten hie er te folle dronken op in feestje yn in skuorre oan de Dokkumerloane yn syn wenplak.

De man wurke de helpferlieners sa bot tsjin, dat er troch fjouwer plysjes út de skuorre set waard. Bûten bleau er lestich. De plysje drukte him op de motorkape fan in auto. Om't de heit trochgong hat de plysje him fan it terrein ferwidere. De soan is úteinlik nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)