Dronken automobiliste oppakt nei fernielingen

26 jun 2016 - 11:45
  • Autoride ûnder ynfloed

De plysje hat sneontenacht yn Drachten in 52-jierrige frou út Deventer oanholden om't se mei drank op achter it stjoer siet. De plysje hie in melding krigen dat der by in wenning oan de Linde rûzje wie en dat de boel fernield waard.

De frou wie dêr dronken yn 'e auto stapt en fuortriden. De plysje trof har fierderop yn de strjitte oan en naam har mei nei it buro. Dêr wegere se mei te wurkjen oan in azemanalyze en dêrom naam de plysje har rydbewiis yn. De eigener fan de wenning woe gjin oanjefte dwaan tsjin de frou foar fernieling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)