Jonges ferniele stopljochten by Quatrebras

26 jun 2016 - 10:08

In 17-jierrige ynwenner fan Tytsjerksteradiel en in 18-jierrige ynwenner fan Dantumadiel binne sneontenacht oanholden foar fernieling. Beide jonges wurde fertocht fan it fernielen fan de ferkearsljochtynstallaasje by Quatrebras. De plysje hie dêr in melding oer krigen.

De stopljochten dogge it net mear, se knipperje oranje. De fertochten sitte fêst, de plysje hat in ûndersyk ynsteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)