Auto brânt út yn Ljouwert, mooglik oanstutsen

26 jun 2016 - 09:47

Oan de Sleutelbloem yn Ljouwert is sneintemoarn betiid in auto yn 'e brân flein. Mooglik is de auto yn 'e brân stutsen. De soan fan de eigener fan de wein hearde in lûde knal op it parkearplak en fertroude it net. De soan en syn mem giene der hinne om te sjen wat der oan de hân wie.

Buorlju hiene de brânwacht en de plysje al warskôge. De brânwacht hat it fjoer blust. De technyske resjerzje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)