Helmholt pakt titel yn Drylts mei seizoenrekôr: 21.15 meter

25 jun 2016 - 23:19

Bart Helmholt hat it fierljeppen yn Drylts wûn mei in seizoenrekôr fan 21.15 m. Dat is de fierste sprong fan de ôfrûne twa jier. Twadde waard Nard Brandsma (20.37) en it tredde plak wie foar Thewis Hobma (20.34) It is foar Helmholt alles as neat dit jier: 3 kear wûn hy mei in sprong oer de 21 meter, 4 kear siet hy net iens yn de finale.
By de froulju pakte Marrit van der Wal de titel mei 15.15, flak foar Klaske Nauta (15.12) By de junioaren giet de deititel foar it earst nei Bobby Zwaagman: 17.57 m.
Wietse Nauta wûn by de jonges mei 17.24 m.

Yn de kategory famkes gie de haadpriis nei Bente Vlas út Heech (14.35)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)