Motorrider giet ûnderút en rekket ferwûne by Wolvegea

25 jun 2016 - 22:42
  • De dyk wie nei alle gedachten wiet doet de motorrider ûnderút gie

Op de Om den Noort by Wolvegea is sneontemiddei in motorrider ûnderút gien. De man wie op paad mei in groepke motorriders, doet it mis gie yn in bocht. De man bedarre njonken de dyk. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De plysje ûndersiket it ûngelok. Mooglik is de motorrider ûnderút gien omdat de dyk op dat stuit wiet wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)