Auto mei Dútsk echtpear op de kop yn de sleat by Eanjum

Ien auto bedarre dwers op de dyk, de oare auto op de kop yn de sleat. © De Vries Media
Op de krusing fan de Saatsenwei mei de Esumasyl by Eanjum binne sneontejûn twa auto’s mei-inoar botst. In auto mei dêryn in Dútsk echtpear bedarre as gefolch fan de botsing op de kop yn de sleat. Sy moasten troch de brânwacht fan Eanjum út de auto helle wurde. Oanslutend waarden sy behannele troch ambulânse meiwurkers. It echtpear waard oerbrocht nei it sikehûs.
De bestjoerster fan de twadde auto kaam mei de skrik frij. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De dyk wie in skoft ôfsletten foar it ferkear.