Snein de alderlêste Sjouke Lousma Underweis yn Buro de Vries

25 jun 2016 - 19:23
  • Sjouke Lousma yn petear mei Anne Feddema

Snein 26 juny wurdt de alderlêste ôflevering fan Sjouke Lousma Underweis útstjoerd. Jierrenlang reizge Sjouke Lousma troch Fryslân en makke ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkaam. It wiene faak iepenhertige petearen oer leafhawwerijen, relaasjes en wurk. Kenmerkend is it anonime karakter, de namme fan de ynterviewde wurdt nea neamd.

It giet om gewoane minsken, allegearre mei in ferhaal. Ferhalen dy't je bybliuwe, lykas dy âld boer fan 82 jier dy't krekt ferkearing hie of trije bruorren dy't ûnder it strjitlizzen fertelle.

Sjouke Lousma Underweis sette útein yn 1999, yn it programma De Middei. Sûnt 2007 wie it in fêst ûnderdiel yn it programma Buro de Vries. Mei-inoar makke Sjouke Lousma 1781 ôfleverings fan Sjouke Lousma Underweis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)