Udo de Haan wint klaverke trije Friezen op konkoers Dokkum

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
Op it konkoers hippyk yn Dokkum hawwe de hynders Christiaan P.J., Hercules P.J. en Kai P.J. wûn yn de kategory Klaverke trije Frysk ras. Udo de Haan ried mei de hynders, dy't fan it duo Pieter Wijbenga en Janet van der Ark út Aldwâld binne. Yn in oare kategory, de Tandem Hackney's, wûnen de hynders Sunbeam Look At Me en Noddyvyse Special Edition fan de kombinaasje Van Nispen/Huckriede.
By de VTN 6-jierrige túchhynders (KWPN) waard hynder Fantijn fan de gebroeders Van Manen út Ede nûmer ien.
By it klassike springen giene oerwinnings nei Folkert Kelderman mei Heechhiems Erasina VDM en Martine Gramsbergen-Hoekstra mei Zippit GH.