Berltsum wint it NK keatsen foar froulju yn Bitgum

25 jun 2016 - 18:25

It partoer fan Berltsum hat sneon yn Bitgum it Nederlânsk kampioenskip keatsen foar froulju wûn. Ilse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma wiene mei 5-3 en 6-6 te sterk foar it partoer fan Seisbierrum-Pitersbierrum, mei Hendrieke van der Schoot, Grada van der Schoot en Minke Jansen-Dykstra. De lytse preemje gie nei de partoeren fan Boazum en Easterein.

It is al de fiifde kear dat Berltsum it NK wint. Yn 2008, 2012, 2013 en 2014 gie de oerwinning ek al nei Berltsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)