SC Hearrenfean wint mei 8-1 fan VV Hearrenfean

SC Hearrenfean hat sneon de earste oefenwedstriid fan it seizoen mei 8-1 wûn fan de amateurs fan VV Hearrenfean. Coach Jurgen Streppel seach dat de profs yn it skoft mei 4-1 oan de lieding giene. Yn de earste helte makken Quincy Owusu-Abeyie (2), Henk Veerman en Luka Zahovic de goals. Nei it skoft diene Pelle van Amersfoort, Mitchell te Vrede en Michel Vlap (2) dat. Foar VV Hearrenfean skoarde Jasper Brouwer oan de ein fan de earste helte.
Nije wike spilet SC Hearrenfean de twadde oefenwedstriid. Drachtster Boys is dan de tsjinstanner.