Bauke Triemstra kening op haadklassepartij Holwert

25 jun 2016 - 17:33
  • Bauke Triemstra

It partoer fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Patrick Scheepstra is sneon de winner wurden fan de haadklassewedstriid keatsen yn Holwert. Se wiene yn de finale mei 5-4 en 6-0 te sterk foar Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Bauke Triemstra waard útroppen ta kening yn Holwert. De lytse preemje wie foar it partoer fan Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra.

De finale soarge foar in primeur, want beide partoeren stiene dit seizoen noch net earder yn in finale fan in frije formaasjepartij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)