Bouboeren sette de doar iepen foar it publyk

25 jun 2016 - 16:22
  • Jensma syn trekker

Bouboeren sette sneon de doarren iepen foat it publyk. Yn it hiele lân is it de wike fan de ikkerbou. De boeren wolle konsuminten sa sjen litte hoe't produkten ferboud en ferwurke wurde. Ien fan de dielnimmende boeren is jirpelboer Gerlof Jensma yn Westhoek op It Bilt, dy't nei eigen sizzen 'hutspot' ferbout, want hy ferbout ek woartels en sipels.

Jensma hat de lêste dagen mazzel hân mei it waar, seit er. Yn de rest fan Nederlân gie it mâl, mar yn Fryslân foel it ta. Mar mocht der mear reinwetter komme, dan is hy der klear foar.

De besikers krije in rûnlieding oer it bedriuw en kinne dan ûnder oare Jensma syn trekker besjen, ien fan de aldergrutsten dy't yn Europa te keap binne. Ek krije alle besikers in lyts pûdsje jirpels mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)