Plysje hâldt twa minderjierrigen oan foar stellerij scooter

25 jun 2016 - 14:57
  • Scooter

De Ljouwerter plysje hat yn de nacht fan freed op sneon op de Aakstrjitte twa minderjierrigen oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in scooter. De plysje krige tsjin healwei trijen de melding dat der krekt in scooter stellen wie oan de Bernhardus Bumastrjitte. Mei help fan in goed sinjalemint fan in tsjûge koe de plysje al gau de twa fertochten oanhâlde.

De scooter waard troch in oare tsjûge oantroffen op de Van Sytzamastrjitte. De eigeneresse fan de scooter hat oanjefte dien fan de stellerij, de fertochten binne ynsletten.

De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)