Rêstich by earste training Cambuur troch fjoerwurkferbod

Troch in fjoerwurkferbod wienen der folle minder taskôgers oanwêzich by de earste offisjele training fan Cambuur. Inkelde hûnderten belangstellenden kamen sneontemoarn nei it stadion om te sjen nei de training ûnder lieding fan de nije trainer Rob Maas. Ferline seizoen seagen noch sa'n 3000 taskôgers nei de earste baloefeningen fan de Ljouwerters.
Reden foar it fjoerwurkferbod is in ynsidint earder dit jier wêrby't in steward ferwûne rekke.